Discovery feilich by romtestasjon
moandei 31 augustus 2009It Amerikaanske romtefear Discovery is yn de nacht fan snein op moandei feilich oan it romtestasjon ISS keppele. Dat barde acht minuten earder as ferwachte wie.
De sân astronauten en in Sweed stapten koart dêrnei troch it luk om de bemanning fan de ISS de hân te jaan. Se sille njoggen dagen mei-elkoar trochbringe. De Discovery bringt net allinnich iten, laboratoariumspullen en reserve ûnderdielen nei it ISS, mar ek genetyske manipulearre muzen. Dy muzen wurde ûndersocht en dat moat op in nije behanneling tsjin it ûntkalkjen fan it bonkestelsel útrinne.
Ek sjen:
- Gizeling Discovery Channel /update SILVER SPRING – Yn Silver Spring yn de Feriene Steaten...
- Wannear ite? By it iten is net allinnich fan belang hoefolle kaloryen...
- Sina wol in eigen romtestasjon PEKING – Sina hat tongersdei in module fan syn nije...
- Feilich ynternet blykt net sa feilich BEVERWIJK – Der is wat mis mei de befeiliging fan...
- Dûbelkoppige slang makket rúzje KIEV – In dûbelkoppige albino slang yn de bistetún fan...








