Ekstra foarstelling Fryske Leonard Cohen
snein 16 augustus 2009
De earste foarstelling fan Cohen yn it Frysk op 4 septimber is al útferkocht. Dêrom komt der in twadde konsert op 5 septimber, ek yn de Lawei yn Drachten. Alle artysten dy’t meiwurkje oan de CD/DVD binne dy jûn te sjen en te hearren. De CD/DVD stiet fol mei oersette lieten fan de Kanadeeske singer-songwriter Leonard Cohen. Akteur en regisseur Romke Toering besiket tegearre mei oersetter Bart Kingma de foarstelling mei prachtige teatrale effekten gear te stallen.
Ek sjen:








