Fleanende start Sutelaksje yn Stiens
freed 21 augustus 2009Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel jout op freedtemiddei 4 septimber by it gemeentehûs yn Stiens it startskot foar de lêste Sutelaksje, nei’t It Fryske Boek mei in soad spektakel letterlik út ’e loft fallen is. Om krekt 14.30 oere ferskynt in SAR-helikopter boppe it gemeentehûs.
Yn 2009 fiert It Fryske Boek in jubileum. De stichting bestiet 75 jier. Dat jubileum betsjut foar It Fryske Boek net allinne weromsjen op in lange tiid fan promoasje foar de Fryske literatuer. It doel is benammen om foarút te sjen. Tiid foar in nije oanpak.
Boarne: www.fryskeboek.nl
Ek sjen:









