Fryske ballonfeesten in oare datum
sneon 22 augustus 2009
De 25e edysje fan de Fryske ballonfeesten sil takom jier letter as oars plakfine. De nutsbaan yn De Jouwer sil earst brûkt wurde foar de Swipe Dei . Dêrtroch is der net genôch tiid foar de tarieding. Swipe Dei kin net op in oare datum omdat dy dei al fêstleit yn de aginda fan de ‘Nederlandse Draf en Rensport’ (NDR). De Fryske ballonfeesten sille yn de wike fan 28 july oant en mei 1 augustus plakfine.
De 25e edysje sil spesjaal wurde. Ferskillende wurkgroepen binnen no al dwaande om foar alle dagen wat aparts te organisearjen. De hynstedei komt werom en it is de bedoeling dat 125 ballonnen op ferskillende plakken omheech sille.
Ek sjen:









