It giet goed mei it Liwwarders

snein 16 augustus

Liwwarders skoart goed ûnder de jongerein. It popduo Ed Lip en Aart Lus hat in hit skoard mei ‘Ik bin su eil – ik kin de G niet meer segge’. It publyk wurdt gek as de twa opkomme. Ek as folkssanger Ricky it nûmer ‘Genot’ ynset, giet de massa him foar yn de polonaise. De identiteit fan it popduo Ed Lip en Aart lus is net folle fan bekend. Op de webside stiet dat se yn de Ljouwerter wyk de Wielepôle wenje. Se sitte it leafst thús op de bank en se sûpe in soad bier. De akt is betocht troch Jasper Ceelen en Frits Arkema, twa studinten Media en entertainment oan de Stenden hegeskoalle yn Ljouwert. It wie earst in projekt foar de oplieding om in marketingplan op te setten. Mar doe’t se dwaande wiene, besletten se om it plan echt út te fieren. Se plakten de binnenstêd fol mei stickers mei de wurden “ik bin su eil”. Dêrnei kaam it filmke fan Aart en Ed op it ynternet. En doe waard it in grut sukses. It is mear as 360.000 kear besjoen op Youtube. Aart en Ed wolle grappich wêze mar Ricky van Daalen sjongt rjocht út it hert. Syn liet ‘Genot’ is in grut sukses. It is al mear as 100.000 kear besjoen op Youtube. Hy moat hieltyd faker hantekeningen útdiele. Ek bûten Ljouwert wurdt syn muzyk wurdearre.

Ek sjen:

  1. It giet goed mei de sljochtfalk
  2. Fryslân House giet goed
  3. It giet goed mei de amfibyen
  4. Goedfrysk.nl giet bêst
  5. EBLUL hâldt op, mar it EBLT giet troch

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic