Lienwurden Fryske taal

snein 16 augustus 2009

Ald-FryskBoekAs in taal gjin eigen wurd foar it ien of oare hat, ûntlient it dat gauris oan in oare taal. Sa ûntliene wy foar nije begripen faak it wurd dêrfoar oan it Ingelsk.

Aardich is it om te witten dat it Hollânsk wolris wurden út it Frysk oernimt. In foarbyld is skûtsjesilen. It Hollânsk hat wol schuitje en zeilen, mar ‘schuitjezeilen’ makket net dúdlik genôch wêr’t it om giet, n.l. it silen mei in spesifyk soarte frachtskip. Dêrom dat skûtsjesilen yn it Hollânsk yngong fûn hat. Sa is it ek mei sjoelen, klunen en fierljeppen gien.

Yn in fier ferline hat it Hollânsk ek al wurden út it Frysk liend: eiland, terp, kapen en krioelen.

Ek sjen:

  1. Ferlet fan Wurdlist Fryske taal De lêste tiid hawwe ferskillende ynstânsjes der by Provinsjale Steaten...
  2. Fryske taal dreech foar Hollanner GRINS – De measte Nederlanners begripe net folle fan it...
  3. Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal De Fryske Akademy presintearret op freedtemiddei 11 novimber 2011 it...
  4. Klikklik nei it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal De lêzers fan It Nijs witte grif al in skoft...
  5. Nije Fryske wurden Oersetwedstriid yn it ramt fan de Europeeske dei fan de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic