Mear as 200 Britske deaden yn Afganistan
snein 16 augustus 2009
Twa ferwûne soldaten fan it Britske leger yn Afganistan binne ferstoarn, dêrtroch is it deadetal fan it Britske leger boppe de 200 kaam. De twa soldaten rekken ferwûne nei in eksploazje, en stoaren letter oan de ferwûnings. Meiïnoar binne der no 201 Britske soldaten yn Afganistan dearekke. De Britske militêren nimme sûnt 2001 diel oan de ISAF missy yn de Afgaanske provinsje Helmand. Oant no ta is it tal Britske deaden yn augustus 10. Dizze simmer wie de meast bluodderige yn Afganistan, benammen yn de provinsje Helmand, dêr’t Amerikaanske, Britske en Afgaanske troepen in offensyf begûnen tsjin de Taliban. 20 augustus binne de presidintsferkiezings yn Afganistan.
Ek sjen:
- Afganistan: Tsientallen deaden nei oanslach sikehûs KABÛL – By in oanslach op in sivyl sikehûs yn...
- Afganistan: FS lûke 33.000 soldaten werom WASHINGTON – Presidint Barack Obama wol binnen in jier sawat...
- Afganistan: Tsien jier kriich yn sifers LJOUWERT – De oarloch yn Afganistan begûn tsien jier lyn...
- 35 dea troch bom Afganistan By ferskate eksploazjes yn de súdlike Afgaanske provinsje Kandahar binne...
- Mear deaden ûnder boargers Yn ‘e oarloch yn Afganistan binne yn de earste 10...








