Nij Sealterfrysk boek
freed 28 augustus 2009Sealterlân — Gretchen Grosser hat ”de lytse prins” nei it Sealterfrysk oerset. Twa jier lyn frege professor Dr. Thomas Stolz fan de Universiteit fan Bremen oan Grosser oft se it ferhaal fan de lytse prins nei it Sealtersk oersette woe. Grosser hat ferskillende boeken skreaun en se hie al faker ferhalen oerset, bygelyks fan Astrid Lindgren en de bruorren Grimm. ”De lytse prins” woe se út leafde foar har memmetaal ek wol oersette. Yn it Sealterfrysk hat it boek de titel ”Die litje Prins”.
De lytse prins is it ferhaal fan in piloat, dy’t nei in needlanning yn de woastyn in lytse prins moetet. De ljochthierrige prins dy’t út de himel fallen is, wol fan de piloat witte hoe’t it libben op ierde is. Hoewol’t it ferhaal foar bern skreaun is, bliuwt it boek út filosofysk eachpunt ek nijsgjirrich foar folwoeksenen. It ferhaal fan de lytse prins is al yn mear as 140 talen oerset. It boek hat 95 siden en is útjûn troch de Oldenburgische Landschaft.
Priis: €15,00
ISBN 978-3-937467-64-1

Ek sjen:
- Boek oer universiteit fan Frjentsjer FRJENTSJER - Dit jier is it 200 jier lyn dat de...
- Nij boek Johan Veenstra Op 28 augustus is it safier. Der komt in nij...
- Rige oer Sealterfrysk De Dútske krante de Generalanzeiger begjint in rige artikels oer...
- Krûpelhintsjes boek fan it jier It printeboek Krûpelhintsjes, skreaun troch Auck Peanstra, is in boek...
- Boek Tsjou Bo yn it Hollânsk BREDA – Utjouwerij De Geus yn Breda sil de Hollânsktalige...








