Nochris nei de stimbus yn Afganistan

snein 30 augustus 2009

It liket derop dat de kiezers yn Afganistan in twadde kear nei de stimbus moatte. De kieskommisje makke sneon opnij foarriedige resultaten bekend. De no sittende presidint Hamid Karzai is der noch net yn slagge om 50 persint fan de stimmen binnen te heljen.

De foarriedige resultaten binne basearre op ien tredde diel fan de útbrochte stimmen. Karzai stiet no op 46.3 persint. Syn wichtichste opponint bliuwt hingjen op 31.4 persint. Oer in pear dagen bringt de kommisje in nije tuskenstân út.

Ek sjen:

  1. Gjin twadde kear; Karzai wint
  2. Ierlân nei de stimbus
  3. Hoe no fierder yn Afganistan?
  4. Reboelje om de Afgaanske ferkiezings
  5. Tebeksetter foar Berlusconi

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic