Replika fearskip Aebelina te wetter

moandei 24 augustus 2009

Sneontemiddei is yn Earnewâld de ‘Aebelina’ doopt en te wetter litteEarnewâldn troch deputearre Jannewietske de Vries. It houten fearskipke is in replika fan de Aebelina, sa’t dy yn 1861 boud waard op ‘e Jouwer.

Der is fiif jier boud oan it skip dat bekend stiet as it moaiste en fluchste skûtsje ea. It skip hat syn thúshaven by it skûtsjemuseum yn Earnewâld. It sil brûkt wurde as beurtskip tusken Earnewâld en Grou, dêr’t de romrofte eardere Aebelina ek foar ynset waard. It skipke kin fierder ynhierd wurde foar bysûndere eveneminten lykas in rûntsje Alde Feanen foar gasten fan gemeente of bedriuwen. Ynformaasje dêroer is te krijen by it Skûtsjemuseum.

Der wie sneon in protte belangstelling doe’t de Aebelina it wetter ynglide. As earbetoan oan de Aebelina waard in floatskou jûn op Earnewâldster Wiid. Fansels wie it Steatejacht dêrby oanwêzich.

Ek sjen:

  1. Lilke man smyt kaaien pont yn it wetter EARNEWÂLD – In 32-jierrige man fan Lippenhuzen hat sneintejûn op...
  2. Troch de wyn: nij boek oer skûtsjesilen EARNEWÂLD – De earste eksimplaren fan it nije skûtsjeboek “Troch...
  3. Wetter bedriget Grinzer Museum (update) GRINS – De hege wetterstannen bringe de kolleksje fan it...
  4. In (lek) skip fan papier-masjee LJOUWERT – De tewetterlitting fan in grut skip fan papier-masjee...
  5. Wrâldeilannen ûnder wetter? De ferneamde Wrâldeilannen yn Dubai driigje folslein ferlern te gean....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic