Sharon Dijksma grypt yn

sneon 29 augustus 2009

De koarting fan 5 persint op de jierlikse ryksbydrage fan 4,5 miljoen euro oan de islamityske skoalle As Siddieq yn Amsterdam is unyk. Steatssekretaris Dijksma hat de yngripende beslissing nommen. Neffens har wurdfierder is it foar it earst dat it Ryk sa’n sanksje oan in skoalle opleit. De redenen binne dat de ynspeksje it ûnderwiis net goed fynt. De lessen binne ûnder de mjitte en de soarch dy’t in skoalle ferplichte is om oan te bieden, wie slim ûnfoldwaande. De gemeente Amsterdam, dy’t mei de skoalle brutsen hat, wol dat it bestjoer sa gau mooglik opstapt. Neffens de gemeente is it net de skuld fan de learkrêften. Eltse kear as der fernijingen trochfierd binne, jout it bestjoer de goeie minsken dien, en wurde alle feroaringen tebekdraaid.

De skoalle kriget ek in boete omdat it jierferslach net yn oerlis fêstlein is.

Ek sjen:

  1. Amsterdam docht it oars
  2. SP-bestjoer Snits opstapt
  3. Dales sit goed yn rak en dak
  4. Amsterdam kontrolearret besikers
  5. NL harket net nei Ahmadinejad

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic