Swiere pûl foar It Hearrenfean
freed 28 augustus 2009Op freed lotte It Hearrenfean in pear swiere tsjinstanners foar de pûlfaze fan de Europa League. Yn groep D spilet It Hearrenfean tsjin Hertha BSC Berlyn út Dútslân, Sporting Lissabon út Portugal en FK Ventspils út Letlân.
Foarsitter fan It Hearrenfean Yme Kuipers is bliid mei de lotting. Neffens Kuipers is Hertha BSC bekend om syn ferneamde fuotballers. Fan Sporting Lissabon seit Kuipers: ”Wy hawwe Sporting tsjin Twinte yn aksje sjoen en witte wat wy ferwachtsje kinne”. It Hearrenfean hat twa kear yn it stadion fan Sporting Lissabon spile, dat wie doe tsjin Vitoria Setubal. Fan Ventspils seit Kuiper: ”Ik wit net folle fan Ventspils, mar it moat mooglik wêze om fan harren te winnen”.
Benammen Hertha BSC en Sporting Lissabon binne sterke tiims. Hertha BSC waard fjirde yn de Dútske Bundesliga en Sporting Lissabon twadde yn de Portugeeske Superliga. FK Ventspils is in ûnbekende klup dy’t yn 2006, 2007 en 2009 lânskampioenskip fan Letlân wie.
Ek sjen:
- It Hearrenfean ferliest tsjin Berlyn It Hearrenfean hat de thúswedstryd tsjin Berlyn ferlern. Twa wike...
- It Hearrenfean spilet lyk It Hearrenfean hat justerjûn 1-1 lykspile yn Lissabon. Earst like...
- Hearrenfean wint yn Berlyn Fuotbalklup It Hearrenfean hat mei 0-1 fan Hertha BSC yn...
- Hearrenfean fierder yn Europa It Hearrenfean hat justerjûn 0-0 lykspile tsjin PAOK Saloniki; dêrtroch...
- Hearrenfean ferliest Ofrûne sneon ferlear It Hearrenfean thús tsjin FC Twinte mei...








