Top 10 fideosiden
moandei 31 augustus 2009De top-10 fan meast besochte fideosiden yn de Feriene Steaten lit sjen dat Google aloan mear merkoandiel hat. Foaral Youtube is in wichtige spiler mei hast 42 persint fan de merk. Op it twadde plak stiet Viacom mei mar 3.8 persint. Sjoch hjirûnder foar de Top-10 fan july 2009. Opfallend is dat de side Hulu.com stadichoan omheech klimt. Sûnt 2008 sizze analisten dat Hulu de grutste bedriging foar Youtube is. Krektlyn hat Youtube kontrakten ôfsluten om fideo’s fan CNN, Cartoon Network en Warner sjen te litten. Dat alles om Hulu.com dwers te sitten.
Ek sjen:
- ABP smyt preemje omheech ABP smyt de preemje omheech. ABP is it grutste pensjoenfûns...
- Bern leare faker in frjemde taal Mear bern krije de mooglikheid om in frjemde taal te...
- Mear ûndertitels by publike omrop 96,8 persint fan de programma’s dy’t yn 2010 op Nederlân...
- Minder definsje-útjeften Yn 2008 is foar 8,2 miljard euro útjûn oan definsje....
- Huzeferkeap F.S. omheech Neffens it Amerikaanske ministearje fan hannel binne neibouwenten yn ‘e...









