Windows 7 hast klear

freed 28 augustus 2009

windows7De lansearring fan Windows 7 sil op 22 oktober yn New York wêze. Windows 7 is it nijste bestjoeringssysteem fan Microsoft en is de opfolger fan Windows Vista. Windows 7 is net folslein nij, it is in ferbettering fan Vista. Oars as mei Vista liket it oarspronklike ûntwerp fan oktober foarich jier op it einresultaat. De resensinten binne ek folle positiver oer Windows 7 as oer Vista dat yn 2007 ferskynde. Dêrtroch liket it derop dat Windows 7 op ‘e tiid klear is foar de lansearring. De bestjoeringskoade foar Windows 7 wie ferline moanne al klear. Nei de lansearring op 22 oktober sil de Windows 7 Family Pack ek yn Europa beskikber wêze. Mei de Family Pack hast trije lisinsjes foar Windows 7.

Ek sjen:

  1. Windows XP al tsien jier LJOUWERT – Op 25 oktober 2001, seis wike nei de...
  2. Windows 7 Windows 7 is in ferbettering fan Vista. It ûntwerp fan...
  3. Windows 8: yn 10 tellen bedriuwsree It nije bestjoeringssysteem Windows 8 start yn minder as tsien...
  4. Windows doe en no Bestjoeringssysteem Windows hat him yn de rin fan de jierren...
  5. Frysk e-mailprogramma hast klear Woansdei 25 novimber hat de Mozilla-organisaasje, bekend fan û.o. de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic