Arjen Hut skriuwt Fokke Mâl
freed 25 septimber 2009Arjan Hut skriuwt syn nije boek Fokke Mâl yn it brêgehúske by de Beursbrêge yn Ljouwert. Hy is tongersdeitemoarn mei skriuwen úteinset.
Hut seit in soad ynspiraasje fan it húske te krijen.
It stiet op in drok punt yn it sintrum fan ’e stêd foar de Iepenbiere Biblioteek oer. Der komme altyd in hiel soad minsken del. Alle dagen fan acht oant ien oere sit Hut dêr te skriuwen. Fokke Mâl wurdt in berneboek. Yn desimber moat it klear wêze. Dan sil Arjan Hut in skoftke gewoan thús skriuwe. Hy tinkt dat it fan’t winter kâld wêze sil yn it brêgehúske. Mar sa gau as it waar waarmer wurdt, skriuwt er fierder yn it húske. Hy hopet dat it twadde boek yn maart klear wêze sil.
In gedicht fan Arjen Hut
Ek sjen:
- Koos Tiemersma skriuwt wer! It waard breed oankundige dat Koos Tiemersma ophâlde soe mei...
- Sietse de Vries skriuwt kadoboek 2012 Tresoar makket hjirby bekend dat Sietse de Vries de skriuwer...
- Boris Dittrich skriuwt thriller DE HAACH – D66-politikus Boris Dittrich is dwaande mei in...
- Boeiende saga Arjen Terpstra LJOUWERT – Dizze wike is by de Friese Pers Boekerij...
- Lokwinsk Arjen Versloot Rju heechbewittenskippe hear Versloot, bêste Arjen, Hjirby de hertlike lokwinsken...








