Filmstjerren wolle Polanski helpe
tiisdei 29 septimber 2009Minsken út de filmwrâld hawwe har oansletten by it Frânske inisjatyf om regisseur Roman Polanski frij te krijen.
Harvey Weinstein, de produsint fan de films Lord of the Rings en Shakespeare in Love, en Thierry Frémaux, de direkteur fan het Filmfestival fan Cannes, wolle him frij hawwe.
Roman Polanski is de makker fan de Pianist, Chinatown en Rosermarys Baby. Polanski waard arrestearre yn Switserlân foar seksueel kontakt mei in famke fan trettjin jier. Dat hie er mear as tritich jier lyn yn de Feriene Steaten. De regisseur flechte noch foar de feroardieling út de Feriene Steaten.
Frankryk en Poalen wurkje gear om Polanski frij te litten. Weinstein is fan doel om eltse filmmakker te skiljen dy’t er ken. Neffens Weinstein moat eltsenien meidwaan. Weinstein wurdt beskôge as ien fan de machtichste mannen fan Hollywood.
As Polanski oan de Feriene Steaten útlevere wurdt, dan stiet him in finzenisstraf te wachtsjen fan likernôch 50 jier. De measte minsken achtsje de arrestaasje frjemd. De regisseur besocht al earder Switserlân. En doe is er net oanholden.
Neffens de Frânske konsul wurdt Polanski goed behannele. Ek de Poalske ambassadeur yn Switserlân hat him besocht. Polanski betanket de minsken dy’t him stipe jouwe.
Ek sjen:
- Opnamen Polanski yn Noard-Fryslân De bekende Frânske regisseur Roman Polanski hat syn nije film...
- AIDS liket op pokken MANNASAS – De sykte AIDS kin wolris besibbe wêze oan...
- Minder earme lannen helpe It skrassen fan achttjin lannen as ûntfangers fan Nederlânske ûntwikkelingshelp...
- Yndia en Brazilië helpe Wylst de rike lannen harren benammen noch rjochtsje op tradisjonele...
- Toyota lit gefaarlike auto trochride WASHINGTON – Autofabrikant Toyota moat yn de Feriene Steaten in...








