Frânsman fynt 100.000 euro
woansdei 2 septimber 2009In winkelman út it Frânske Saint-André-lez-Lille hat in aparte fynst dien. Hy ûntdiek 100.000 euro yn in kistke. Dat lei yn in jiskebak by in boumerk. It jild wie kreas opsteapele yn pakketsjes fan 50, 20 en 5 euro. Der siet ek in slúf yn it kistke. Dêr stie in namme yn en in adres yn de stêd Lille. De man dy’t it kistke fûn, dreamde der fuort fan in prachtige dreamkemper te keapjen, mar hy hat dochs besletten om de 100.000 euro oan de eigner werom te jaan. It jild wie fan in pensjonearre echtpear dat it opgarre hie foar in plakje yn it âldereintehûs. Op de drompel fan harren wenning kaam er derefter dat de man yn it sikehûs lei. De frou wie ek slim siik. Hja sieten doe midden yn de ferhuzing. De bern dy’t helpe moasten, hiene it kistke samar fuortgoaid. In gelok dat de winkelman sa earlik wie.
Ek sjen:









