Gryp treft aktive befolking

moandei 28 septimber 2009

Sechstich persint fan de Belgen dy’t troch de gryp troffen wurde is tusken de tweintich en 49 jier. Dat blykt út ûndersyk troch de Frije Universiteit Brussel. De sifers wurde sammele fia in online meldingssysteem, dêr’t húsdokters en gemeenten gegevens mei oan de universiteit trochjaan kinne.
Benammen it aktive part fan de befolking wurdt troch de gryp troffen. De âlderein ûntkomt der meastal oan.
It giet om de gewoane en de nije of Meksikaanske gryp (H1N1). Sawat santjin persint fan de gryppasjinten waard mei de grypfaksins tamiflu of relenza behannele.

Boarne: ConsuMed

Ek sjen:

  1. Meksikaanske gryp gefaarlik De Meksikaanske gryp komt djipper yn de longen as gewoane...
  2. Meksikaanske gryp treft jonge bern Seis persoanen binne dizze wike stoarn oan de Meksikaanske gryp....
  3. Radio-aktive wolk yn Fûkûsjima UPDATE 1:31– Nei in ûntploffing yn de kearnsintrale yn it Japanske Fûkûsjima...
  4. Ierdskok treft Japan, gjin skea meld TOKIO – Japan is freedtejûn (Fryske tiid) troffen troch in...
  5. Wite befolking New York yn minderheid NEW YORK – De wite (blanke) befolking fan New York...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic