Iepen koardei yn Lekkum, ûnder lieding fan David van Roijen
moandei 7 septimber 2009
Sneon 12 septimber is yn Lekkum in iepen koardei fan it VEL. Dy ôfkoarting stiet foar Vocaal Ensemble Leeuwarden, de eardere Ljouwerter Kantorij. It VEL is ien fan de foaroansteande koaren yn Fryslân. It stiet ûnder lieding fan David van Roijen, in jonge, tige betûfte dirigint. De iepen koardei is bedoeld om gasten ûndergean te litten hoe’t it op it koar om en ta giet. It is dan ek de bedoeling dat se dy dei frijbliuwend meisjonge. Foldocht it goed dan kinne se beslute om har as lid oan te melden.
Dizze iepenbiere repetysje is fan 11.00 oant 16.00 oere en wurdt holden yn de tsjerke fan Lekkum. Foar kofje wurdt soarge; sels in brochje meinimme.
De foto is fan ’t maitiid makke, ek yn Lekkum.
Ek sjen:
- Iepen monumintedei 2010 LJOUWERT – Sneon en snein is it iepen monumintedei yn...
- Iepen Grinzer Sealkeatstoernoai Ha jim no al sin oan de PC? Binne jimme...
- Iepen dei Bernlef 15 oktober Tongersdei 15 oktober is it wer safier, de Iepen Dagen...
- David Crystal yn Noard-Fryslân RISEM-LOONHAM – David Crystal, ien fan de bekendste Britske taalûndersikers,...
- Ympressionisme museum wer iepen. Frédéric Bazille (1841 – 1870) Réunion de famille. It...








