Ierappels geskikt foar patat

sneon 19 septimber 2009

De Belgyske ierappels helje dit seizoen in bysûnder heech ûnderwettergewicht. Mear as 60 persint fan de ierappels dy’t rispe binne, helje 400 g de 5 kilo, wat foar België in hichtepunt is. Dat meldt lânbousaakkundige Luc Busschaert en it wurdt befêstige troch Francois Huyghe fan ‘de Boerenbond’. “In heech ûnderwettergewicht betsjut dat de ierappels in protte setmoal ynhawwe en dus tige geskikt binne foar it bakken fan patat”, neffens Huyghe.

It hege ûnderwettergewicht komt fan de goeie groeiomstannichheden, ûnder oare de yn ferhâlding waarme en foaral droege simmer. It is lykwols allinne de kwaliteit fan de ierdapel dy’t dit seizoen tige goed is, want de totale opbringst is oan de lege kant.

Dêr komt by dat in heech ûnderwettergewicht it risiko fan blauwe stjitplakken grutter makket, dêr’t de hannelswearde fan de ierappels troch ferlern giet. Neffens Busschaert moatte falhichten fan mear as 30 sm tefoaren kommen wurde.

Boarne: De Standaard, webedysje, 11 septimber 2009.

Ek sjen:

  1. De boeren wachtsje en kleie
  2. Tips foar legere stookkosten
  3. Seehoeder komt op foar blaufintonyn
  4. Shell foar rjochter om griemerij Nigerdelta
  5. Super Cup foar Barcelona en Inter

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic