Leararen hawwe it drok

woansdei 9 septimber 2009

De ûnderwiisgroepen binne yn Nederlân grutter as yn de measte lannen en de leararen steane mear oeren foar de klasse as harren bûtenlânske kollega’s. Dat docht bliken út in analyze dy’t de AOB makke hat nei stúdzje Education at a Glance fan de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en ûntwikkeling (OESO).

Yn it basisûnderwiis stiet in Nederlânske learkrêft trochinoar 930 oeren yn it jier foar de klasse. It gemiddelde fan de OESO-lannen is 798 oeren. Yn de EU steane basiskoalledosinten trochinoar 806 oeren foar de groep. Mei 583 jout de Hongaarske learkrêft it minste les en yn Feriene Steaten stiet in learkrêft 1080 oeren foar de klasse. Yn it fuortset ûnderwiis binne der ferlykbere ferskillen.

Neffens it ûnderwiisbûn is de analyze bewiis genôch dat de learkrêft it te drok hat. Se hawwe te min tiid om de lessen ta te rieden en se hawwe te min tiid foar de soarchlearlingen. Neffens it bûn moatte der skielk tûzenen nije dosinten komme om de wurkdruk op te fangen.

Ek sjen:

  1. Grûnwetbeskermers yn Dútslân hawwe it drok
  2. Drok, drok en nochris drok
  3. Underwiisried wol prestaasjebonus
  4. Protte skoaltiid fergriemd
  5. Nederlân dreech foar learaar

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic