Donner iepenet side foar 65-plus

tiisdei 8 septimber 2009

Minister Donner fan sosjale saken hat moandei in hiemside iepene foar 65-plussers. Dêr kinne wurknimmers en wurkjouwers ynformaasje op fine oer frijwillich trochwurkjen ek nei’t it pensjoen yngien is. Minister Donner wol de frijwillige trochwurkers stypje. Neffens sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk is it tal 65-plussers dat trochwurket yn tsien jier omheech gien. Yn 1997 wienen der 32.000 en yn 2006 wol 57.000.  Mear as de helte fan de minsken dy’t trochwurkje binne selsstannigen. It giet dan foaral om túnkers en winkeleigners.

Ek sjen:

  1. Beswier tsjin foardracht Donner
  2. Donner pakt taaldiskriminaasje oan
  3. Donner wurdt ûnderkening
  4. Donner nei Steatsrie
  5. Foar De Telegraaf side betelje?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic