Pizza & alkoholfrij
moandei 14 septimber 2009
Krekt in lekkere pizza mei alkoholfrij bier hân. In hiele goede komby! Fan it wykein ha ik, lykas tasein, út De Hobbit lêzen. Bin der noch net klear mei, dat in wiidweidige resinsje sit der hjoed net yn. Freed ha ik de alve septimber betinking oerlibbe. Koe gewoan tillevyzje sjen sûnder dat ik hieltyd steurd waard troch meilydsume bylden. Hjoed lies ik yn de Ljouwerter Krante dat de Fryske fertsjinwurdiging fan de SP net by de alve septimber betinking yn New York wie. Om wat dizenige redenen fûnen hja it mar neat. Nammers, it boek oer de ‘Ferneamde Friezen yn Amearika’ is oanbean oan Hilary Clinton, oft sy dat boek no ek noch lêze sil. Mar goed dat der in Ingelske oersetting foar har wie, want it Frysk giet har noch net sa goed ôf. Oars mar by generaal Petreaus yn ‘e lear. De Nederlânske fersy fan it boek is der ek al. Ik wachtsje wol oant de Fryske oersetting fan it boek ferskynt… Gelokkich docht Omrop Fryslân wiidweidich ferslach fan New York 400, meie se ek in kear ergens hinne. Kin my skoan yntinke dat it foar de meiwurkers fan de omrop ek wol noflik is om wat oars te dwaan as provinsjale nijsberjochten.
Wat ik dizze wike fierders noch dwaan sil? Bin noch mei in super geheim oersetprojekt oan ‘e gong, dat wol ik noch fierder ôfmeitsje. Ynspirearre troch de omrop bin ik ek wat kontakten yn de Feriene Steaten oan it sykjen. Miskien kin ik dêr letter wat mear oer fertelle.
Ek sjen:
- Ferkeap Fryske boeken gelyk LJOUWERT – Troch de Moanne fan it Fryske Boek is...
- Boek oer universiteit fan Frjentsjer FRJENTSJER - Dit jier is it 200 jier lyn dat de...
- Fryske gedichten op ‘e telefoan LJOUWERT – De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske...
- Troch de wyn: nij boek oer skûtsjesilen EARNEWÂLD – De earste eksimplaren fan it nije skûtsjeboek “Troch...
- Aanst kin elkenien ‘Mein Kampf’ lêze LJOUWERT – 1 jannewaris 2016 is it safier. Adolf Hitler...








