Sa ha jo in protte lêzers
tongersdei 24 septimber 2009
Wy ha fan it begjin ôf lêzer west fan De Moanne, De Pompeblêden, De Smidte, it Beaken, de Letterhoeke en de Fryslân (fan it Genoatskip). No ha de direksjes fan in pear fan dy blêden yn har wiisheid besluten om in stikmennich by elkoar te bringen. Boppedat hoege wy as lêzers fan ien fan dy blêden in jier lang net te beteljen. Dat dogge wy dochs wol want it komt allegearre út de subsydzjes, mar hawar dat fernimme jo net. Wy seagen wol oankommen dat dit wolris ferkeard útpakke kinne soe. Doe’t wy lêstendeis yn it winkeltsje fan de Afûk wiene ha wy it dêr mar eefkes oansnien. Wy koene ús yn earsten wol útskriuwe litte. Sels de finansjele administraasje waard der by roppen. Wy hoege takom jier net te beteljen omdat wy de blêden altyd al hiene. Wy ha der mei klam by sein dat wy fansels mar ien blêd hoege. Dochs fertroude ik it noch net hielendal en doe’t wy okkerdeis De Pompeblêden krigen ha ik der noch mar in meeltsje oan weage. Dat it net in betinksels is stiet hy hjir ûnder:
Van: J. van der Bij [mailto:jabikvanderbij@home.nl]
Verzonden: woensdag 16 september 2009 8:46
Aan: ‘info@tresoar.nl’
Onderwerp: De Moanne
Eala,
Ik bin no (beteljende) lêzer fan de Moanne en wol dat yn de takomst graach sa hâlde. Wy krigen de Pompeblêden ek en ik bin lid en stiper dan de Fryske Akademy. Fansels hoege wy takom jier net trije eksemplaren.
Groetnis
Jaap van der Bij
(Lytse Súdein 55, 8624 TS Twellegea)
En ja hear, hjoed krigen wy De Moanne. Net ien kear mar trije kear: op de iene stie Twellingea, de oare Twellegea en de trêde hie yn plak fan 8624 as postkoade 8625. Bliuwt no de fraach hoe hâld ik it âld papier in bytsje binnen de perken. En….. Wymbrits moat no einliks de plaknammen fêstlizze.
Ek sjen:
- Durk van der Ploeg net favoryt by ensafh-lêzers Okkerdeis is bekendmakke dat Durk van der Ploeg de Gysbert...
- In protte Friezen op Facebook Friezen binne grutsk op harren taal. Op de I Love...
- Protte folk nei kruiend iis In pear kilometer de Iselmar op by Gaast (tusken Makkum...
- Protte skoaltiid fergriemd Skoalbern sitte alle jierren sa’n fjirtjin dagen op skoalle sûnder...
- In protte groanyske sykten Hast de helte fan de Nederlânske befolking is oanhelle mei...








