SNS betellet werom
tongersdei 24 septimber 2009Bank- en fersekeringsbedriuw SNS Reaal betellet in diel fan de steatsstipe werom. It bedriuw docht in oandiele-emisje om dat te dwaan. SNS sil foar de ein fan dit jier 185 miljoen euro werom betelje. Dat is likernôch in kwart fan de folsleine steatsstipe. Fjirder betellet SNS 65 miljoen euro oan de stifting SNS Reaal. Dy stifting hat in mearderheid fan de oandielen en ferline jier ek 550 miljoen yn it bedriuw ynvestearre.
SNS Reaal jout 26.15 miljoen nije oandielen út. De stifting wol 1.9 miljoen oandielen keapje. Dêrtroch behâldt de stifting mear as 50 persint fan de oandielen.
Ek sjen:








