Sutelaksje set út ein
sneon 5 septimber 2009Mei barstend geweld en jankende sirenes draait de ûnbidige giele brânwachtauto fan de Ljouwert fleanbasis it plein foar it gemeentehûs yn Stiens op. Dêr foeget er him by de lytsere reade broer fan de brânwacht fan Ljouwerteradiel. Wêr is de brân? Gelokkich nearne. De weinen jouwe gjin needsinjaal ôf mar in startsinjaal foar de Sutelaksje fan It Fryske Boek.
Aly van der Mark klimt út de machtige kabine fan it spuitgefaarte en wurdt troch boargemaster E.J. ter Keurs ferwolkomme. Tegearre toane hja it grutte ‘startboerd’ mei dêrop it parsefarske jubileumboek fan It Fryske Boek en de nije Fryske Skriuwerskalinder oan de omstanners.
Gjin fleanende start dus, sa’t earder oankundige wie. De SAR-helikopter stie mei maleur noch oan ‘e grûn op it Amelân. Spitich mar it is net oars. De sutelwille is der alteast net minder om.
Yn 2009 fiert It Fryske Boek in jubileum. De stichting bestiet 75 jier. Dat jubileum betsjut foar It Fryske Boek net allinne weromsjen op in lange tiid fan promoasje foar de Fryske literatuer. It doel is benammen om foarút te sjen. Tiid foar in nije oanpak.
Boarne: www.fryskeboek.nl
Ek sjen:
- Fleanende start Sutelaksje yn Stiens Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel jout op freedtemiddei 4...
- Sutelaksje berikt de earste mylpeal De Sutelaksje fan It Fryske Boek berikte op 16 septimber...
- Nije minsken en de Sutelaksje Ferline wike waard sein dat de Sutelaksje fan de stichting...
- Moandei begjint de Stellingwerver sutelaksje WOLVEGEA – Yn Frysktalich Fryslân is it suteljen mei boeken...
- Fryske gedichten op ‘e telefoan LJOUWERT – De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske...








