Koornbeurs in twatalige webside

tongersdei 17 septimber 2009

Fan woansdei 16 septimber ôf is de webside fan Theater de Koornbeurs yn Frjentsjer ek yn it Frysk te bewûnderjen. It is dêrmei it earste Fryske theater dêr’t sawol yn de Nederlânske as yn de Fryske taal achtergrûnynformaasje oer de theaterfoarstellingen fan op de webside te finen is. It theater hat dêr in lange gearwurking mei de Afûk út Ljouwert foar oangien. De Afûk sil de trochstrings yn it Nederlânsk oanlevere teksten foar har rekken nimme.

Theater de Koornbeurs is it húskeamertheater fan Fryslân en wol mear oanslute by de Fryske kultuer. De taal makket dêr in wichtich ûnderdiel fan út. It theater hopet hjir in nije doelgroep mei oan te sprekken en in bydrage te leverjen oan it befoarderjen fan de Fryske taal.

Ek sjen:

  1. Nije Fryske puzel-webside GRINS – Der komt ein oktober in webside mei Fryske...
  2. Webside ‘Adel yn Fryslân’ útwreide LJOUWERT – De webside ”States en stinzen yn de Fryske...
  3. Kolleezjedei oer Fedde Schurer yn Koornbeurs Koornbeurs, Noord 2 te Frjentsjer in kolleezjedei oer Fedde Schurer....
  4. Nije webside Frysk kultureel erfguod LJOUWERT – Op it ynternet is in nije webside foar...
  5. Nije webside Omrop Fryslân LJOUWERT – Omrop Fryslân hat sûnt moandei in nije webside....

1 reaksje op “Koornbeurs in twatalige webside”


  1. Jaap
    17 septimber 2009 19:41

    Hulde!
    Samar yn ien wike twa berjochten fan hiemsiden dy’t it Frysk in fêst plak jouwe. Earst fuotbalklub v v sds yn Easterein en no de Koarnbeurs yn Frjentsjer. As it yn dit tempo trochgiet dan komt it noch wol goed mei it Frysk. Jaap.

Realisaasje: Pronamic