Tûker troch Facebook, dommer troch Twitter

tongersdei 10 septimber 2009

In Skotske professor hat ûndersyk dien nei it minsklik “wurkûnthâld”. Neffens har soarget beskaat multymediaal gedrach foar in fergrutting fan it minsklik RAM-ûnthâld, wylst oare aktiviteiten der krekt foar soargje dat it ôfnimt.

Professor Alloway omskriuwt dat wurkûnthâld as it fermogen om ynformaasje wer op te roppen en te brûken. It spyljen fan – benammen strategyske – fideospullen, sudoku’s oplosse en it byhâlden fan alles wat op jo Facebook-profyl bart, soe dat wurkûnhâld posityf beynfloedzje. Dat komt trochdat jo by dy beuzichheden ek rekken hâlde mei -om it foarbyld fan de spullen mar ris oan te heljen- aksjes dy’t al bard binne èn omdat jo ek in stikje ‘foarút sjogge’ nei wat noch komme sil.

Minder te sprekken is professor Alloway oer sms’en, Twitterjen en filmkes sjen op YouTube. Dat binne beuzichheden dy’t alhiel op dit stuit barre, momintopnames om sa mar te sizzen. “Op Twitter krije jo wol in einleaze stream oan ynformaasje, mar dy ynformaasje is sa beheind dat jo harsens it net ferwurkje hoege”, neffens professor Alloway.

Bron: HCCnieuwsflashimages Facebook

Ek sjen:

  1. Dommer troch nijssites
  2. Twitter en Facebook wurde gewoan
  3. Dommer troch ûngesûn iten
  4. Tûker troch tate
  5. Facebook groeit troch

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic