Krisis klimaat slimmer as ekonomyske
tongersdei 17 septimber 2009De hjoeddeiske ekonomyske krisis hat net folle om ‘e hakken ferlike mei de klimaatkrisis, warskôget de Wrâldbank yn it World Development Report 2010, dat earjuster ferskynde. Want in trochsneed ekonomyske krisis duorret amperoan 2 jier en kostet mar sa’n 3 % fan it bruto nasjonaal produkt. De net werom te draaien effekten fan de 5 graden temperatuerferheging dy’t dizze ieu noch te ferwachtsjen binne as der gjin maatregels nommen wurde, sille fan in gâns oare oarder wêze. It rapport neamt:
- In mooglik ôfstjerren fan de reinwâlden yn it Amazônegebiet;
- It folslein fuortteien fan de gletsjers yn de Andes en de Himalaya;
- Fersuorring fan de oseanen dy’t laat ta it telider gean fan marine ekosystemen lykas koraalriffen;
- It dêrtroch útstjerren fan faaks mear as de helte fan de soarterykdom;
- In meter seespegelferheging dy’t allinnich al yn de ûntwikkelingslannen 60 miljoen minsken en guod mei in wearde fan sa’n 200 miljard dollar bedriget;
- Wrâldwide ôfname fan de agraryske produksje en dêrtroch mear as 3 miljoen ekstra deaden yn it jier troch te min iten;
- Ekstreem waar – al fan 2 graden temperatuerferheging ôf – mei dêrtroch hongersneedrisiko foar 100 oant 400 miljoen minsken en 100 oant 200 miljard minsken mei te min wetter.
It ynternasjonale ynstitút dat besiket de earmoede yn de wrâld te redusearjen, spilet mei dit rapport net swak by yn it oanboazjend koar fan ynstânsjes dat, mei de klimaatkonferinsje yn Kopenhagen op kommendewei, in boadskip kwyt wol oer it klimaat (sjoch bgl. It Nijs fan 2 en 13 septimber). It wichtichste boadskip fan de Wrâldbank is: fuortendaliks wrâldwiid oanfange mei it treffen fan maatregels. Want no is it noch goed op te bringen om de temperatuerferheging op sa’n 2 graden – mear achtet de bank perfoarst net akseptabel – te stabilisearjen, oer 5 jier sil it al in folle dregere put wurde en oer 10 jier is it hielendal net mear mooglik. As we no úteinsette, is neffens de Wrâldbank in emisjereduksje fan 1,5 % yn it jier genôch. In begjin kin der oars gau wêze: 20-30 % fan it enerzjyferbrûk is te besparjen troch der allinnich al suniger mei om te gean, sûnder dat soks ekonomyske groei kostet. Mar ek fierdergeande maatregels hawwe grutte bykommende foardielen op it mêd fan folkssûnens, enerzjywissigens, duorsumens en besparrings.
Ek sjen:
- Ekonomyske groei falt ôf GRINS – Undernimmers yn Noard-Nederlân binne teloarsteld oer de ekonomyske...
- Ekonomyske delgong goed foar Dútske taal AMSTERDAM – De ekonomyske delgong hat in geunstige útwurking foar...
- Krisis goed foar miljeu BRUSSEL – De ekonomyske tebekgong hat ek syn sinnekant: it...
- Klimaat bliuwt hot Der is wer in protte klimaatnijs; sawol op polityk as...
- Minder seks troch krisis NEW YORK – De ekonomyske delgong is ek tusken de...









Jaap
17 septimber 2009 10:53
Foar gewoane minsken is it ûnmooglik om der achter te kommen wat der wol op net doocht oan alle foarsizzings oer de fersmoarging en opwaarming fan de wrâld. It liket wat op relygje: jo moatte it mar leauwe want jo kinne it sels net nei rekkenje. Ik wol bêst oannimme dat wy suniger omspringe moatte mei de enerzy mar as ik dan lês yn Locomotie 37 (it blêd fan de OSF: http://www.wbosf.nl/ klimaatverandering-de-zin-en-onzin) dat der 31.000 wittenskippers yn Amearika yn in petysje sizze dat der gjin ferbân is tusken de opwaarming en de útstjit fan CO2, dan wit in gewoan minsken ek net mear wat er no leauwe moat. Of sitte hjir minsken achter dy’t der ekonomysk foardiel by hawwe dat der neat feroaret? Jaap
Nanne Hoekstra
20 septimber 2009 19:54
Yn it troch Jaap oanhelle artikel ‘Klimaatverandering: de zin en de onzin’ stiet folle mear ûnsin as sin. In pear opmerkings oer de foarnaamste wipwap:
• De skriuwer, Arjen Nijeboer, wol ha dat it sintrale bewiis foar klimaatferoaring, de hockeystickgrafyk, ûnderúthelle is. Der hat krityk west op de brûkte data en statistyk op dizze grafyk dy’t sjen lit dat de temperatueren no útstige boppe dy fan de lêste tûzen jier; mar dat wie maklik want it rekonstruearjen fan it klimaat út de tiid dat der gjin mjittingen wienen, is fansels dreech. De grafyk stie yn de gearfetting fan it tredde rapport fan it Intergovernmental Panel on Climate Change (IPCC) út 2001 mar wie doe al perfoarst net it sintrale bewiis. Safierhinne is der in oerweldigjend tal oare oanwizings dat de temperatuer omheech fljocht. Sjoch allinnich al mar nei it feit dat de jierren 2001 oan en mei 2006 allegear yn de top10 fan waarmste jierren sûnt 1850 stean. Ûnderwilens is de oanbelangjende grafyk noch in oantal kearen rekonstruearre en hieltyd komt der wer in hockeystick út.
• It bytsje koaldioksyde yn de atmosfear soe noait folle ynfloed ha kinne en wetterstof soe in folle wichtiger broeikasgas wêze. Koaldioksyde yn de atmosfear en temperatuer hingje gear. Dat wurket beide kanten út. Yn it ferline folgen de koaldioksydekonsintraasjes de temperatuer, troch minsklike aktiviteit is it no oarsom. Koaldioksyde makket mar in lyts partsje út fan de atmosfear, mar bliuwt dêr sa’n 100 jier hingjen en de ynfloed is grut. Der is mear wetterstof mar de ferbliuwtiid dêrfan yn de atmosfear is mar in wike en de konsintraasjes folgje de temperatuer fuortendaliks. Wetterstof fersterket dêrom it effekt fan de ekstra koaldioksyde. Oan de koaldioksyde kinne we wat dwaan, oan de wetterstof net.
• De sinne soe de haadskuldige wêze. Mei de fluktuearjende sinne-aktiviteit is troch de IPCC rekken holden, krekt as mei fulkanyske aktiviteit dy’t foar ôfkuolling soarget. Ôfgeand op de sinne-aktiviteit hienen we fan 1980 ôf just legere temperatueren ha moatten.
• Resultaten fan mjittingen en modelberekkenings komme neffens it artikel alhiel net mei elkoar oerien. Fansels binne der noch ûnwissichheden. Mar alles wat we wol witte wiist de kant út fan opwaarmjen. Allinnich foar it fertikale temperatuerferrin yn de atmosfear yn de tropen binne der dúdlike ferskillen tusken mjitresultaten en berekkenings. Dit detail wurdt troch klimaatskeptisy útfergrutte. Mar oer it generaal klopje de mjittingen en de modellen mei elkoar.
• Hegere wetterstannen soenen oerdreaun wurde, omdat bygelyks fan it iis op Grienlân yn in ieu mar 0,4 % fuortteit. Arjen Nijeboer docht hjir sels wat hy de klimaatwittenskippers ferwyt: it simpelwei trochlûken fan trends. Op Grienlân bestiet it gefaar dat skielik iis oer teiwetter hinne de see yn glydt. Dan kin it ynienen hurd gean mei de seespegelstiging. Troch dizze en oare ûnwissigens – benammen oer de ekonomyske ûntwikkelingen – rinne de rûzingen oer de takomstige seespegelhichte frijwat útinoar.
• By de IPCC soenen de measte stimmen jilde yn plak fan wittenskiplike arguminten. De measte klimaatwittenskippers binne it ienfâldich iens. It is frijwat ynkonsekwint fan Arjen Nijeboer dat hysels op it aljemint komt mei 31 tûzen wittenskippers dy’t der oars oer tinke soenen wylst hy fynt dat it allegear gjin kwestje fan demokrasy is.
Jaap wiist mei rjocht op it probleem dat de klimaatdiskusje foar in protte minsken dreech nei te kommen is. Foar in grut part komt dat troch de presintaasje yn de media. Wittenskippers kleie dat de sjoernalisten harren rapporten net goed lêze mar der wol healwize nijsreportaazjes oer meitsje, lykas ferline wike doe’t yn it NOS-journaal de Milieubalans 2009, dêr’t ûnder oaren wat yn stie oer de negative effekten fan fleis iten op it miljeu (wrâldwide bydrage fan 12 % oan de broeikasgassen en 30 % oan de ôfname fan de biodiversiteit), ferhaksele waard yn in fleismasjine. As it oer it klimaat giet, fine guon media it noch hieltyd aardich om der klimaatskeptisy by te heljen, al bin dy hieltyd dreger te finen en moatte se faak socht wurde yn oare wittenskippen. Fierwei de measte klimaatwittenskippers binne der fan oertsjûge dat de minsken de ierde te folle opwaarmje. Mar in grut part fan de gewoane boargers sjocht de urginsje om maatregels te treffen noch net, mei troch de ferslachjouwing. Sjoch dêrom mar ris op serieuze websiden mei goed ûnderboude ynformaasje lykas http://www.klimaatportaal.nl.
Ta beslút: Arjen Nijeboer fergeliket it klimaat mei in auto wêrfan we net krekt witte hoe’t dy wurket. Soene jo yn in auto sitten bliuwe wêrfan eksperts sizze dat it ‘tige wierskynlik’ (de omskriuwing fan it IPCC) is dat de remmen it net dogge? Stel dat se it mis hawwe, en de kâns op maleur is in stik lytser, dan soe ik dochs mar útstappe.
Jaap
21 septimber 2009 23:03
It hiel goed dat Nanne in réaksje jout op it artikel fan Nijeboer. Eins soe dy ek nei de redaksje fan Locomotie ta moatte. It is it blêd fan de OSF en it soe goed wêze dat de politisi har wat mear bewust wurde fan de bedrigings fan de opwaarming en de oarsaken dy’t dat feroarsaakje. Bliuwt it punt dat de gewoane man it net mear neigean kin. De grutste fersmoarger/opwaarmer binne faak de lju dy’t der it measte oan fertsjinje en dêrom gjin ferlet ha fan warskôgings dy’t har hannel yn gefaar bringe. De Bibel hie it oer “falske profeten”. Soene der ûnder de lju dy’t roppe dat it wol wat tafalt miskien ek in hiele protte fan dit soarte profeten sitte? Dat wie de bedoeling fan myn opmerking. Boppedat is it foar de measte minsken net mear te kontrolearjen wat wier en net wier is. Wat kin dêr oan dien wurde?