Wy prate hjir (graach) Frysk

snein 27 septimber 2009

upsWy ha in plakker op de doar Wy prate hjir (graach) Frysk. Ferline wike krigen wy in pakje fan UPS doe’t wy net thús wiene. De besoarger lei it pakje yn it hok. Op syn kaartsje dat hy yn de brievebus dien hie skreau hy yn it Frysk op wer’t it pakje lei. (sjoch foto). Sa sjogge jo mar dat in plakker op de doar fertuten docht.

Jaap van der Bij (foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging)

Ek sjen:

  1. Frysk prate tsjin plysje is ús rjocht ! De ôfrûne dagen is it yn ’e krante te lêzen:...
  2. Facebook yn it Frysk Nei in protte mailferkear en in lange lobby kin de...
  3. WordPress beskikber yn it Frysk De Ried fan de Fryske Beweging en ForSite Media hawwe...
  4. Frysk ferstean op de feartsjinsten is dochs it minste LJOUWERT – De Ried fan de Fryske beweging wol dat...
  5. besunigings Boarnsterhim op Frysk In útgeande brief fan de Ried fan de Fryske Beweging...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic