300 miljard minder

sneon 3 oktober 2009

Ek foar de minsken mei miljarden op de bank is it krisis. It fermogen fan de 400 rykste Amerikanen is mei 300 miljard minder wurden.
Microsoft-stifter Bill Gates is ek dit jier de rykste Amerikaan. Hy hat in fermogen fan likernôch 50 miljard dollars. Hy stiet op it earste plak fan de jierlikse ranglist fan it Amerikaanske tydskrift Forbes. Gates hat sa’n 7 miljard dollar ferlern.

De grutste ferliezer is de legindaryske ynvestearder Warren Buffet. It fermogen fan Buffet is 50 miljard nei 40 milard gien. Hy stiet noch wol altyd op it twadde plakje op de list.

Op nûmer trije stiet de oprjochter fan Oracle, Lawrence Ellision. Hy hat in fermogen fan 27 miljard dollar. Hy is de ienige yn de top 10 dy’t gjin jild ferlern hat yn it lêste jier.

De top 10 fan rykste Amerikanen is troch de krisis hast net feroare. Nei Gates, Buffet en Ellision komme de fjouwer leden fan de Walton-famylje. Christy, Jim, Alice en Robson Walton fan Walmart. Se hawwe elts likernôch 21 oant 19 miljard dollar.
De Feriene Steaten telt no 339 minsken dy’t mear as 1 miljard op de bank hawwe. Dat is 98 minder as yn 2008. Mar 28 Amerikanen yn de top 400 binne der yn slagge om mear jild te fertsjinjen. De Teksaanske bankier Andrewu Beal hat bygelyks syn jild fertrijefâldige troch goedkeape lieningen op te keapjen.

Boarne: www.forbes.com

Ek sjen:

  1. Liene, liene en liene
  2. AEX slacht: -4.6% en 7.6 miljard poater
  3. Acht miljard stipe foar Grikelân
  4. 13 miljard euro winst foar Anglo American
  5. Facebookoprjochter jout milj. wei

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic