Begjin proses Karadžić
moandei 26 oktober 2009
It proses tsjin de fan genoside en oarlochsmisdieden beskuldige Radovan Karadžić sil hjoed yn De Haach begjinne. Tongersdei sei Karadžić dat er de earste dei fan it proses boykotte sil, omdat er him net tariede kinnen hie. It proses omfiemet alve oanklachten, wêrûnder de genoside fan 8000 man yn Srebrenica yn 1995.
Ferline jier waard Karadžić pakt en nei it Ynternasjonaal Tribunaal foar it eardere Joegoslavië brocht. Karadžić is no 64 jier.
Ek sjen:
- Abbekaat Wilders: proses stopsette AMSTERDAM – Abbekaat Bram Moszkowicz wol dat de rjochtbank it...
- Njoggen jier sûnder proses WASHINGTON – In Amerikaanske rjochtbank hat de Amerikaanske oerheid moandei...
- Proses Wilders wer begûn Geert Wilders fielt him ferplichte om syn ‘striid tsjin de...
- Proses-Schettino yn teaterseal ROME – It proses tsjin Francesco Schettino, kaptein fan it...
- Egypte plent proses en ûntslacht ministers KAIRO – De Egyptyske âld-presidint Hosny Moebarak wurdt nei alle...








