Beslusconi yn panyk

tongersdei 8 oktober 2009

De Italiaanske premier ferliest de ûnskeinberheid dy’t it parlemint him tasein hie. Berlusconi hat daliks witte litten dat it regear net fjirder kin sûnder syn lieding. In mearderheid fan de fyftjin rjochters ferneatigen de ymmuniteitswet dy’t Berlusconi yn 2008 troch it parlemint goedkarre liet. Dat diene se omdat it net grûnwetlik is.
No’t syn ymmuniteit der net mear is driget de premier wer foar de rjochtbank komme te moatten. Berlusconi wurdt derfan beskuldige dat er minsken swijjild jûn hat.
Foar sjoernalisten sei Berlusconi dat de takomstige rjochtsaken ûnsinnich binne. Foar’t er nei binnen gong rôp er: Lang libje Itaalje, lang Libje Berlusconi.

Ek sjen:

  1. Berlusconi lûkt ferjierringswet yn
  2. Berlusconi hat ‘gjin noed’
  3. Berlusconi hat syn nocht
  4. Tebeksetter foar Berlusconi
  5. Berlusconi nimt dien

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic