Dútsk yn grûnwet

tongersdei 8 oktober 2009

Yn Dútslân wol de CDU/CSU it Dútsk yn de grûnwet fêstlizze. De partij hat by de lêste ferkiezings wûn, en is no dwaande om mei de FDP ta in nije koalysje te kommen. Dutske_flagge_stikkenYn 2008 waard by in ledegearkomste fan de lanlike CDU yn Stuttgart oerienkaam dat it Dútsk yn de grûnwet in doelstelling fan de partij wurdt. By de koalysjeûnderhanneling mei de FDP sil bliken dwaan oft it mooglik safier komt.

Njonken it Dútsk binne der yn Dútslân noch twa oare autochtoane talen, it Frysk (Sealterfrysk en Noard-Frysk) en it Sorbysk. Dy talen waarden earder en no net neamd yn de diskusje om it Dútsk yn de grûnwet te bewoarteljen.

It Dútsk is net allinnich de amtstaal fan Dútslân, mar ek fan Eastenryk, Lychtenstein, Lúksemboarch (njonken it Frânsk) en Switserlân – njonken it Frânsk, Italiaansk en Retoromaansk. Der binne sa likernôch 100 miljoen minsken dy’t it Dútsk as memmetaal ha.

Ek sjen:

  1. Nij wurdboek Frysk-Dútsk
  2. Fryske taal yn Dútske grûnwet
  3. Kiel set Sigeuners net yn grûnwet
  4. Kennis fan Dútsk moat better
  5. Marokko: Protest nije grûnwet

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic