Ein fan Guantanamo

woansdei 21 oktober 2009

Finzen yn Guantanamo BayFinzenen fan Guantánamo Bay sille tenei in proses yn de Feriene Steaten krije, it Amerikaanske Kongres hat dêrmei ynstimd. De Senaat stimde mei 79 stimmen foar en 19 tsjin it plan. In belangrike doelstelling fan it regear Obama is dêrmei helle, de sluting fan de finzenis yn jannewaris. Presidint Obama sei al oan it begjin fan syn amtstermyn dat er Guantánamo Bay slute woe. Nei it Hûs fan Offurdigen sil Obama it wetsfoarstel tekenje. Op dit stuit binne der sa likernôch 220 finzenen yn it kamp op de Amerikaanske militêre basis yn Kuba.

Ek sjen:

  1. Is Guantanamo Bay noch iepen?
  2. Unskuldich yn Guantanamo Bay
  3. Soarchplan Obama dertroch
  4. Njoggen jier sûnder proses
  5. Obama ferdigenet ynset yn Libië

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic