Frysk yn Tytsjerksteradiel

moandei 19 oktober 2009

De ôfrûne trije jier is Tytsjerksteradiel der net goed yn slagge om it gebrûk  fan it Frysk yn it gemeentlike ferkear echt stal te jaan. Dat konkludearre de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente yn in ûndersyk nei it taalbelied. It Fryske taalbelied is neffens de kommisje prachtich delskreaun mar de praktyk is altyd oars. Foaral de maatregels foar it skriftlik gebrûk wurde net altyd neilibbe. Redenen dy’t jûn wurde binne de kosten en te min tiid. Ek is it Fryske taalbelied net ûnderdiel fan in syklus fan planning en kontrôle.

Mar de kommisje stelt ek fêst dat it bemoeien fan de gemeente mei it taalbelied derfoar soarge hat dat pjutteboartersplakken mear oandacht jouwe oan de Fryske taal. De subsydzje foar materiaal en lesmetoaden foar it ûnderwiis wurde hiel goed brûkt.

Alhoewol’t de kommisje dus krityk hat, stiet Tytsjerksteradiel neffens deselde kommisje yn ferliking mei oare gemeenten mei it Fryske taalbelied wol foaroan. In pear lytse feroarings en it  taalbelied wurdt noch effektiver, wêrtroch’t de gemeente in noch gruttere foarsprong op de oare gemeenten nimt.

Ek sjen:

  1. Tytsjerksteradiel hat boargemaster
  2. Mear Frysk yn Gaasterlân-Sleat
  3. Ljouwert mei oan it Frysk
  4. Gemeente krijt suggestjes fan RfdFB
  5. besunigings Boarnsterhim op Frysk

2 reaksjes op “Frysk yn Tytsjerksteradiel”


  1. Hieke
    27 july 2011 13:40

    Ik hie tocht dat as ik in elektronisk berjocht yn it Frysk nei de gemeente Tytsjerksteradiel stjoerde, dat ik dan ek antwurd krije soe yn it Frysk.
    Dat foel my wat ôf, mar gelokkich kin ik ek Nederlânsk lêze.


  2. Binne
    27 july 2011 13:55

    Ja dat falt faek wol wat tsjin, measten kinne it wol lêze mar skriuwe is foar in soad minsken te muoilik.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic