Frysktalich sosjaal netwurk
moandei 5 oktober 2009Fan 1 septimber ôf hat Fryslân der in nij paradehynderke by. It earste folslein Frysktalige sosjaal-netwurk is online; Netlog! Op dit stuit binne der al 48
6 brûkers aktyf.
Netlog hat oer de hiele wrâld goed 54 miljoen brûkers en ûnderskiedt him fan oare netwurken troch brûkers safolle mooglik de romte te jaan om yn de eigen taal te kommunisearjen. Dat wie ek de reden wêrom’t se by Skanomodu kamen mei it fersyk om in Fryske ferzje te ûntwikkeljen. De stúdzjeferieniging Skanomodu bestiet út studinten fan de oplieding ‘Fryske taal en Kultuer’ en hat de kennis yn ‘e hûs om dizze opdracht mei faasje op te pakken en de side op in korrekte wize oer te setten. Dat hat nei in healjier hurd wurkjen resultearre yn it earste folslein Frysktalige sosjaal-netwurk!
Jo fine Netlog op: fy.netlog.com.
Ek sjen:









