Gjin foie gras Hearrenfean
freed 30 oktober 2009Restaurants en caterings op It Hearrenfean hawwe ôfpraat om gjin foie gras mear op it menu te setten. Foie gras is ferfette guozze- of einelever, dêr’t de bisten ûnder twang foar fuorre wurde moatte. It Hearrenfean is it earste plak yn Nederlân dêr’t horekabedriuwen sa’n ôfspraak hawwe. Fjirtich restaurants en keteraars hawwe dat ôfpraat op inisjatyf fan Wakker Dier. It is yn Nederlân al wol ferbean om foie gras te meitsjen. It fuorjen ûnder twang is foar de bisten ferskriklik. It soarget foar ferwûnings en de bisten stikke hast. Dêrnjonken wurde se sa gau fet, dat sykten har oppenearje.
Sjoch it filmke hoe grouwélich oft it is.
Ek sjen:
- Gjin modder, gjin sûnens Modderpuollen binne ûnmisber foar it wolwêzen fan bargen, sa...
- It Hearrenfean: Boargemaster docht gjin útspraak IT HEARRENFEAN – Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan gemeente...
- Aansen gjin iel mear? Dizze wike is it derop of derûnder foar de iel....
- Verhagen: gjin CO2 ûnder it lân DE HAACH – Noard-Nederlân hoecht him gjin soargen te meitsjen....
- Hearrenfean hat bidbook net tekene It saneamde “bidbook” foar it Wrâldkampioenskip fuotbaljen yn 2018 is...









ReadeKrêft
24 novimber 2010 16:21
Wêrom dan gjin “freonlike” einelever, freegje ik my yndied ôf.
Goed dien, Hearrenfean!
ReadeKrêft
24 novimber 2010 16:24
Aah! Dat filmke! Ik kin der net nei sjen, wat ôfgryslik! Soks moat dôchs yn ‘e hjoeddeiske wrâld net mear barre kinne?
Anonym
25 novimber 2010 19:14
De skriuwwize is “foie gras” (fette lever).