Grutte oanslach Bagdad
snein 25 oktober 2009
Yn Bagdad binne by in oanslach fan twa selsmoardterroristen op syn minst 136 minsken dearekke. Neffens Ynlânske Saken binne op syn minst 600 minsken ferwûne. Autoriteiten fertinke Al-Qaida, de terreurorganisaasje fan Bin Laden, fan dizze oanslach. De earste terrorist blies in frachtwein fol springstof op by it Ministearje fan Justysje. De twadde die itselde by it gebou fan de Provinsjeried. Dizze oanslach wie de meast bluodderige sûnt 19 augustus.
Ek sjen:








