Hearrenfean wint yn Berlyn

tongersdei 22 oktober 2009

Fuotbalklup ItHearrenfeanIt Hearrenfean hat mei 0-1 fan Hertha BSC yn Berlyn wûn. It doelpunt waard yn de 36e minút makke troch Losada. Troch dizze winst kin It Hearrenfean wer fierder yn de Europa League komme.

Yn de 76e minút krige Janmaat read, nei 3 minuten spile te hawwen. Yn de fjirde minút fan de blessueretiid krige Ebert fan BSC syn twadde giele kaart en moast ek fan it fjild.

De ôfrûne moannen gie it net sa bêst mei It Hearrenfean. Mei Hertha BSC giet it yn alle gefallen noch minder;  se binne lêste yn de Dútske Bundesliga.

Ek sjen:

  1. It Hearrenfean ferliest tsjin Berlyn
  2. Hearrenfean wint stoef
  3. Swiere pûl foar It Hearrenfean
  4. It Fean wint mei twa penaltys
  5. Hearrenfean ferliest fan Mallorca

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic