Keatsfjild Boalsert ‘dresse’

woansdei 21 oktober 2009

Der moat wat oan it keatsfjild fan Boalsert barre. Neffens foarsitter Berend Ziengs moatte brutsen ankels te foaren kommen wurde. Der is wetteroerlêst en it fjild sit fol mei kûlen. It hiele fjild opnij oanlizze soe 41.000 euro kostje. Mar neffens Ziengs is dat net nedich. De boppelaach moat flak lutsen wurde en dan is it al klear. Dy metoade wurdt ‘dresse’ neamd. As de drainaazje dan ek noch trochspield wurdt en in goate groeven, is keatsfjild wer klear, neffens de foarsitter. Dizze metoade kostet likernôch 2000 oant 5000 euro. De mearderheid fan de politike partijen is bliid mei de goedkeape oplossing. Se hawwe de wethâlder frege om offertes oan te freegjen.

Ek sjen:

  1. Swiid slotfeest yn Boalsert op 19 novimber Dit jier wurdt Kneppelfreed (16 novimber 1951) betocht yn 60...
  2. Middel foar resistinte baktearjes DELFT – Undersikers fan TNO hawwe in metoade fûn om...
  3. It Brûst yn Boalsert Tryater strykt fan 10 oant en mei 13 maart del...
  4. Noard-Frysk seegers nei Skier LJOUWERT – Dizze dagen wurdt seegers útset op ‘e Waadsee...
  5. Sliepe yn it Abe Lenstrastadion IT HEARRENFEAN – 37 Fans fan SC Hearrenfean sille yn...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic