Mei it liet de tiden troch

tiisdei 6 oktober 2009

YKFE-logo-kleur-sept-2006Op 11 oktober sil de jierlikse sjongmiddei fan de YKFE (Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst) holden wurde. Dizze kear is dat op De Jouwer, yn ’e mande mei de Kommisje Foarming en Tarissing fan de Protestantske Gemeente dêr.

It tema ‘Mei it liet de tiden troch’ is dûbel op te fetsjen: lieten út alle tiden: fan de iere midsieuwen oant  no ta èn lieten dy’t te krijen hawwe mei de ferskate tiden fan de dei (moarns, middeis, jûns), fan it jier (maityd, simmer, hjerst, âld en nij) en fan it libben (berte, libbensein, takomst). Sa ûntstiet in boeiend program mei in grut ferskaat oan lieten.

It mienskiplik sjongen wurdt holpen troch de Jouster kantorij, û.l.f. Grietje Dam en in fokaal kwartet û.l.f. Bob Pruiksma en begelaat troch in kopersekstet û.l.f. Bennie van der Wal en de oargelist Rients Schuddebeurs.

De middei wurdt holden yn it tsjerklik sintrum De Oerdracht op De Jouwer. De doarren geane om 15.30 oere iepen, it begjint om fjouwer oere en de tagong is fergees.

Foar mear ynformaasje: ds. P. Hekstra, Keizerskroan 134, 8935 LZ Ljouwert, telefoan (058) 288 34 50 of p.hekstra@hetnet.nl.

Ek sjen:

  1. Tiden hawwe tiden
  2. Earste heale finale Liet
  3. 20 jier Liet
  4. Liet Ynternasjonaal 2010 finalisten
  5. Fryske tsjerketsjinsten 26 septimber

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic