Nederlân tredde

sneon 24 oktober 2009

EarmoedeSweden hat Nederlân foarby stribbe as wichtichste earmoedebestrider. Dat blykt út de jierlikse yndeks dêr’t yn stiet hoe’t de 22 rykste lannen yn de wrâld oan earmoedebestriding bydrage. Denemarken komt op it twadde plak. Nederlân stiet mei Noarwegen op in dield tredde plak. De list is opsteld troch it Center for Global Development. Dat is in Amerikaanske tinktank. De yndeks is basearre op ferskeidene ûntwikkelingsgebieten en wol dy fan hannel, ynvestearringen, migraasje, miljeu, feilichheid en technology. Net ien fan de G8-lannen, dat binne de acht wichtichste yndustrialisearre lannen fan de wrâld, stiet yn de top-10. Kanada stiet op plak 11 it heechst fan de G8-lannen.

Ek sjen:

  1. Badoo.com: Nederlân is bêst cool LJOUWERT – Nederlân stiet op nûmer sân fan coolste lannen....
  2. Nederlân eksportearret mear wapens Nederlân stiet wrâldwiid op it tredde plak fan wapeneksportearjende lannen....
  3. Nederlân in belestingsparadys Nederlân stiet op it fyftjinde plak yn in ranglist fan...
  4. De tredde tiisdei fan septimber DE HAACH – Hast elkenien hat takom jier minder jild...
  5. De wrâld giet deroan Dit jier stiet de Rapture Index, in soarte fan Dow-Jones...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic