Nij Sealterfrysk wurdboek

sneon 31 oktober 2009

De Seelter Buund siket om sponsors foar it nije wurdboek fan de taalwittenskipper Marron Fort. De printkosten binne 22.000 euro. Fort skreau earder al in wurdboek mei 35.000 Sealterfryske wurden, mei it Dútsk as ferklearjende taal.

Yn 1798 ferskynde de earste wurdlist fan it Sealterfrysk. Dêrnei kamen noch folle mear. Yn 1961 ferskynde in wurdlist mei 7.500 wurden fan de Westerlauwerske Fries Pyt Kramer. Fort syn earste wurk ferskynde yn 1980, tagelyk wie dat ek it earste printe wurdboek. Oar wurk fan Fort is de oersetting fan it Nije Testamint yn it Sealterfrysk.

Ek sjen:

  1. €19.300 te min foar wurdboek
  2. Nij wurdboek Frysk-Dútsk
  3. Wurdboek fan de Fryske Taal online
  4. Nij Grutfrysk wurdboek
  5. Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic