Argyf oktober 2009

Balkenende

Balkenende presidint Europa?

freed 30 oktober 2009

Premier Balkenende soe wolris de earste presidint wurde kinne fan Europeeske Uny. De Britske âld premier Tony Blair wurdt sels troch syn eigen sosjalistyske partijgenoaten net mear stipe. Foarsitter Joseph Daul fan de grutte kristendemokratyske fraksje [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

Foie grass

Gjin foie gras Hearrenfean

freed 30 oktober 2009

Restaurants en caterings op It Hearrenfean hawwe ôfpraat om gjin foie gras mear op it menu te setten. Foie gras is ferfette guozze- of einelever, dêr’t de bisten ûnder twang foar fuorre wurde moatte. It Hearrenfean is [...]

Lês fierder|3 reaksjes

Hylke

Nij harkboek fan Hylke Speerstra

freed 30 oktober 2009

It lêste boek fan Hylke Speerstra, “De kâlde krústocht”, is der no ek as harkboek. De âlve iisferhalen steane op seis CD’s en binne ynsprutsen troch de skriuwer sels. De útjefte fan dit nije harkboek is [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

8_10Gratama

‘Fan de stêd en it libben’ nominearre

freed 30 oktober 2009

De foarstelling Fan de stêd en it libben fan it Fryske toanielselskip Tryater is nominearre foar de AVRO Toneel Publieksprijs 2009-2010. Yn Fan de stêd en it libben stiet de grutte stêd sintraal as in metafoar [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

skoalle

Gearwurking skoallen en bedriuwen

tongersdei 29 oktober 2009

Hjoed sil op in feestlike gearkomste yn Bakkefean it startskot jûn wurde foar in grutskalich gearwurkingsprojekt tusken ûnderwiisynstellings en it technysk bedriuwslibben yn Noard-Nederlân. Mei-inoar giet it dêrby om 250 bedriuwen,  30 vmbo-skoallen en alle 5 [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

jitiizer2

JITIIZER

tongersdei 29 oktober 2009

Wat is moaier foar in band as om der op it hichtepunt mei op te hâlden? JITIIZER hat goed 18 jier in soad wille hân, fan poppoadia en lytse kroechjes yn it begjin oant alle grutte [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

taalunie3

It raarste Hollânsk yn Fryslân

woansdei 28 oktober 2009

De Nederlandse Taalunie hat oan it grutte publyk de fraach foarlein wêr’t it Nederlânsk (les Hollânsk) it moaist en wêr it raarst útsprutsen wurdt. Ut de antwurden docht bliken dat neffens de measten de lûding yn [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

faculteit

Twadde taal kin net útset wurde

woansdei 28 oktober 2009

Sa gau’t minsken in twadde taal leard hawwe, kinne se dy net mear útskeakelje; ek net as se har memmetaal brûke. Dat is in goede saak, want de kennis fan sa’n twadde taal makket it lêzen [...]

Lês fierder|Reaksjes útset

Realisaasje: Pronamic