Rinus út Fryslân in hit
tiisdei 13 oktober 2009Op YouTube is sjonger Rinus út Drachten in hit. It filmke ‘Hey Marlous’ is al mear as 200.000 kear besjoen.
It ferske giet oer it famke Marlous Oosting út Assen. Sy hat earder besocht om fier te kommen yn Idols. It ferske waard dizze wike ûntdutsen troch it televyzjeprogramma De Wereld Draait door. Letter waard it ek noch troch Edwin Evers draaid.
Rinus hat earder in CD makke. Dizze CD wurdt no opnij útbrocht.
Ek sjen:








