Underseeër mei kokaïne
freed 23 oktober 2009
Yn Guatamala hawwe de autoriteiten mei de Amerikaanske DEA in selsmakke ûnderseeër mei tsien ton kokaïne ûntdutsen. Neffens nijsberjochten út Guatamala waard de ûnderseeër yn ynternasjonaal wetter hoholden. Der binne trije Kolombianen en ien Meksikaan fêstnommen. De ûnderseeër wurdt no nei in haven tôge. Sa’t de Amerikaanske televyzjestjoerder CNN sei, kaam de tip fan de Kolombiaanske autoriteiten. Amerikaanske spesjalisten tinke dat in treddepart fan alle kokaïne, út Súd-Amearika nei de Feriene Steaten, mei sokke ûnderwettermasinen ferfierd wurd.
Ek sjen:








