Warkum yn aksje

tongersdei 22 oktober 2009

kaart-ethopie1De ynsammelaksje foar in tredde adopsjeberntsje foar de Warkumer famylje Postma rint as it spoar. Yn noch gjin twa moanne tiid krigen de oanjagers Robert en Ellen de Ringh al 18.000 euro binnen. Der is noch mar 7.000 euro te gean. Sjoerd en Joke reizgen fan ’t simmer nei Etiopie om harren dochter – mei de namme Gallyon – op te heljen. Mar it famke wie slim siik en ferstoar trije dagen letter. De famylje wie der kapot fan. Omdat de famylje gjin jild hat foar in tredde adopsjebern hat it befreone pear De Ringh in aksje op tou setten. De famylje Postma fynt it geweldich, it makket harren ferlegen.

Ek sjen:

  1. Komposysjepriisfraach Obe Postma Selskip
  2. Aksje foar Noardfryske waadeilannen
  3. Aksje foar de rivierdolfyn
  4. Ljouwerter oarlochsfleanders yn aksje
  5. Fryske oarlochsfleanders yn aksje

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic