Ynskriuwing Willewike iepen
woansdei 28 oktober 2009
De ynskriuwing foar de ‘willewike 2010’ is iepen. De willewike is in wike dy’t hâlden wurdt yn de maaiefakânsje. It is in wike foar bern fan groep 6 fan de basiskoalle ôf oant en mei de tredde klasse fan it fuortset ûnderwiis. Yn dizze wike is der in soad omtinken foar de Fryske taal en kultuer mar fansels ha de bern ek in hiel soad wille! Lykas alle foargeande jierren is de lokaasje de Folshegeskoalle op Skylge.
Liket it jo wat foar jo bern? Sjoch dan foar mear ynformaasje op de webside fan de willewike:
Foar fragen kin jo in eamel stjoere nei ynfo@willewike.nl
Ek sjen:









