De Harkema meast Frysktalich
tiisdei 3 novimber 2009Op ‘e Harkema (ynwennertal 4.235) praat 93% fan de bern Frysk. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ‘BOP onderzoek en communicatie’, dat yn opdracht fan de gemeente Achtkarspelen dien is. De twadde yn de rige fan meast Frysktalige doarpen is Twizelerheide (ynwennertal 1.889) mei 91%. Yn Bûtenpost is it tal Frysk en Nederlânsktaligen gelyk.
Trijefearnspart fan de jongerein yn Achtkarspelen praat Frysk. As Bûtenpost net meirekkene wurdt, is it tal jonge Fryskpraters dêr sa likernôch 85%. It trochsneed persintaazje jongerein yn Achtkarspelen dat in hbo-diploma behellet, wykt net ôf fan oare gemeenten yn Fryslân.
Achtkarspelen is in jonge gemeente, 25,8% fan de ynwenners wie yn 2008 jonger as tweintich jier. Yn trochsneed is dat 1,8% heger as by de Nederlânske befolking.
Ek sjen:










ReadeKrêft
30 novimber 2010 23:40
Hoe Frysktalich soe Grins wêze?
mbc84
30 novimber 2010 23:52
@Readekrêft: mear ast tinkst, bin ek in Fries-om-utens en wenje yn Grins, en ik kin dy sizze dat hjir in protte Friezen omswalkje..
OT: kinne je neigean, wat grutter in plak wurdt (Bûtenpost), wat mear oft it fernederlânsket. Minne saak!
Jens
1 desimber 2010 09:00
Yn it steatsje sjochst dat Bûtenpost, Gerkeskleaster en Strobos byinoar rekkene wurde. Ik bin dêr net bekend, mar dy plakken lizze wol bot op de grins mei Grinslân.